Akkoart oer nije plysje-CAO

17 des 2015 - 13:03

De plysjebûnen hawwe mei minister Van der Steur oerienstimming berikt oer in nije plysje-CAO. Alle plysjemeiwurkers krije oer 2015, 2016 en 2017 meielkoar 6,5% mear lean. Fierder krije se foar ien kear in útkearing fan 1.000 euro en in hegere fergoeding foar pikettsjinsten.

It akkoart is der kaam nei moannenlange aksjes. Sa skreaunen de plysjes minder boetes út en fierden se aksje by de start fan de fuotbalkompetysje. It akkoart wurdt yn jannewaris foarlein oan de leden fan de fakbûnen.

Trefwurden: 
CAO fakbûnen plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)