Wa fertsjinnet in bysûndere krystkaart? Jou dy op!

17 des 2015 - 12:58

De krysttiid stiet wer foar de doar en de wike foar de krystdagen wurde der tradisjoneel in protte kaarten ferstjoerd. By Omrop Fryslân begjinne sneon de winterwiken wer en yn dit kader, hawwe wy ek dizze winter wer in krystkaartaksje.

Wa moat dit jier in hiele bysûndere krystkaart fan Omrop Fryslân krije? Om't dyjinge safolle foar dy betsjut, altyd foar dy klear stiet en dat mar hiel gewoan fynt? Of ien dy't yn desimber wol in opstekker brûke kin. Op de spesjale programmaside kinst do it ferhaal dêr't it om giet ynstjoere.

Op moandei 21, tiisdei 22, woansdei 23 en tongersdei 24 desimber gean wy miskien wol mei dy op 'en paad om de krystkaart persoanlik lâns te bringen. It ferhaal kinst do dan live taljochtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)