Nije popbunker Snits giet lang om let iepen

17 des 2015 - 11:53
  • De nije pop-oefenromte yn Snits

De nije popbunker yn it sintrum fan Snits giet nei jierrenlang gedoch kommende moandei einliks iepen. Dan krijt de nije eigener fan it gebou oan de Havenstrjitte de kaai en kin in start makke wurde mei de ynrjochting.

De earste bands kinne dan fan jannewaris ôf gebrûk meitsje fan de oefenromten. De bands moasten it jierenlang sûnder in oefenromte dwaan yn de stêd, neidat rom seis jier lyn de âlde popkelder oan de Lemmerwei tichtgie.

Oefenje bûten Snits

De syktocht fan de gemeente nei in alternatyf hat lang duorre en doe't it gebou oan de Havenstrjitte beskikber kaam, moast der noch in soad oan gebeure. In soad bands oefenje yntusken bûten Snits, mar de eigener hopet dat se no de kar wer meitsje sille foar de eigen stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)