Ambulânsesoarch Fryslân krijt nije namme

17 des 2015 - 11:07

Ambulânsesoarch Fryslân giet fan 1 jannewaris takom jier ôf fierder ûnder de namme UMCG Ambulancezorg. De ambulânsesoarch yn Drinte en Fryslân falt dan ûnder ien direksje en dy fynt it logysk om dan ek ûnder ien namme fierder te gean.

Foar de ynwenners dy't lang te krijen hân ha mei Ambulânsesoarch Fryslân en de foargongers dêrfan, feroaret der neffens de direksje net in soad.

UMCG Ambulancezorg wurket mei 300 ambulânseferpleechkundigen en -sjauffeurs en nochris 60 meiwurkers op it stêfkantoar yn Tynaarlo. Yn Fryslân hat UMCG Ambulancezorg alve ambulânseposten, wêrfan trije op de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)