Bisteklinyk Wolvegea is bêste ûndernimmer Weststellingwerf

17 des 2015 - 10:32

Maatskip Bisteklinyk Wolvegea is de winner fan ûndernimmersferkiezing Weststellingwerf. De klinyk mei him no in jier lang Undernimming fan it Jier yn Weststellingwerf neame. Oare nominearden wiene Polyvision Noardwâlde en Tank- en Apparatenbouw De Blesse.

Neffens sjueryfoarsitter Siem Jansen wie it feit dat de bisteklinyk de bedriuwsstrategy yn alle opsichten goed trochtocht hat fan trochslaand belang. De ferkiezing ûndernimmer fan it jier yn Weststellingwerf waard foar de njoggende kear organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)