Kollum: "Stille earmoed"

17 des 2015 - 09:01

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Dêrneist presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Earlik sein sit ik hjir in bytsje mei in dûbel gefoel. Net sasear omdat ik senuweftich bin omdat ik yn in studio sit mei in kamera op my rjochte, mar mear om de oanlieding wêrfoar’t ik hjir troch dy útnoege bin. Lit ik foarop stelle dat ik it oan de iene kant in hiele sympatike aksje fyn. Al hoe tryst ek, de Voedelbank foarsjocht yn in behoefte. En krekt dat gegeven soarget foar in wat unheimisch gefoel.

Ik bin zzp’er. In selsstannige sûnder pensjoen. Ein 2014 wienen der hast 900.000 minsken dy’t sa besykje harren brea te fertsjinjen. Ik wit dat kollega zzp’ers foar in part of soms hielendal ôfhinklik fan de Voedselbank binne. Der sit in soad stille earmoed achter al dy moaie mei reklame folplakte bestelbuskes. ‘Dan moatte se mar gewoan foar in baas wurkjen gean,’ is faak it kommentaar as je de minne situaasje fan Piet Stukadoar en Klaas Klus oankaartsje. Bepaalde streamingen yn de polityk fine al dy zzp’ers ek mar lestich.

Dy foaroardielen binne net terjochte. It is om meardere redenen in risiko om as zzp’er troch de tiid te gean. As jo wat oerkomt en jo kinne in tiidlang net wurkje, of miskien wol nea wer, is de skea net te oersjen. It gros fan de selsstannigen is dêr net foar fersekere omdat dat gewoan net te beteljen is. Ek de opmerkings dat it zzp’er wêzen in eigen kar is, is mar foar in part wier. Der is in hiele grutte groep dy’t op ien as oare wize har baan kwyt rekke is en omdat se net stilsitte wolle of in hekel oan in útkearing ha, út frustraasje as zzp’er fierder geane. Omdat se troch harren leeftiid net wer oan de slach komme koenen en út ferantwurdlikheidsgefoel foar de hûshâlding.

Foar mysels jildt dat ik no sa’n 13 jier lyn troch ferfelende omstannichheden út it wurk rekke en nei ferrin fan tiid as selsstannige fierder gien bin. Oan de iene kant jout dat in stik frijheid, mar oan de oare kant is der altyd dy soarch dat je neat gebeure mei, want dan binne de problemen net te oersjen en reitsje je miskien ek wol feroardiele ta de voedselbank. Ik ha online wolris wat petearen hân mei kollega zzp’ers, en dit senario is foar de measten in skrikbyld. Guon fan harren ha earlik en planút tsjin my sein dat se dêr gewoan deabenaud foar binne en dus mar gewoan trochwrotte, wylst se eins fan alles mankearje.

Om jim efkes in idee te jaan, in fersekering foar in timmerman fan boppe de fyftich jier kostet tusken de 350 en 750 euro yn de moanne. En dan binne neist dy hege preemje de rânebetinksten ek nochris sa beroerd dat der eins gjin begjinnensein oan is. En it probleem dat no al grut liket, is noch folle grutter, want in soad zzp’ers dy’t de holle hast net boppe wetter hâlde kinne, ha in partner dy’t wurket en sa de tekoarten opfange kin, wêrtroch’t hy of sy net by de Voedselbank bedarret. Yn sa’n gefal betsjut dat foar de oerheid dat der neat oan de hân is.

Krekt as mei minsken dy’t út harren útkearing rinne, dy binne dan samar net mear útkearingsgerjochtige, dus binne der minder minsken mei in útkearing. Tsja, sa kin ik it ek. Ek it tige populistyske skermjen mei dat de belestingfoardielen foar zzp’ers sa grut binne is mar foar in part wier, want je moatte dan wol in X oantal oeren yn de moanne draaie, en dêr komme de measten dus net oan ta. Wat je no oan problemen sjogge is mar it topke fan de iisberch.

Dizze aksje foar de voedselbank ropt by my om in oare reden ek wat in aaklich gefoel op. Wy wenje yn Nederlân, ien fan de lannen mei de heechste wolfeart yn de wrâld. En dochs bloeie de voedselbanken op. Wy moatte ús deaskamje dat se der binne. Mar se binne der en ik wit dat dat net samar is. Litte wy dizze aksje fan de Omrop dus mar massaal stypje. Mar ik wol ek oproppe ta folle mear oandacht foar de posysje fan, wat se no al neame, de nije earmen yn Nederlân, de zzp’ers."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)