Brân leit wenning yn Surhústerfean yn de jiske

17 des 2015 - 07:05

By in grutte útslaande brân is woansdeitenacht in wenning oan de Grinzerstrjitte yn Surhústerfean ferlern gien. It fjoer ûntstie tsjin trije oere. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út it dak. Nei't der opskaald wie nei middelbrân, waarden der meardere brânwachtkorpsen ynsetten.

Om't de wenning net mear te rêden wie, hat de brânwacht it hûs útbaarne litten. De wenning stie al efkes leech. By de brân is mooglik asbest frijkaam. It is noch net dúdlik hoe't it fjoer ûntstien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)