VC Snits thús ferslein troch Russyske follybalsters

16 des 2015 - 21:56

It Europeesk avontoer is foarby foar de follybalsters fan VC Snits. Woansdeitejûn waard de thúswedstriid yn de Challenge Cup tsjin Zarechie Odintsovo ferlern. De Russyske froulju wûnen mei 3-1. (22-25, 8-25, 33-31 en 14-25)

Ferline wike ferlearen de Snitser froulju de útwedstriid mei 3-0. De Russen hiene doe in lyts oerke nedich om fan de Snitser froulju te winnen. De wedstriid duorre no langer, mei om't de tredde set mei 33-31 wûn waard troch de Snitsers. Sneon wachtet yn de kompetysje alwer de topper tsjin koprinner Alterno.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)