Nije fúzjegemeente Noardwest-Fryslân hjit Waadhoeke

16 des 2015 - 19:55
  • Nije fúzjegemeente NW-Fryslân komt Waadhoeke te hjitten

Waadhoeke is de namme fan de nije fúzjegemeente fan It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en in part fan Littenseradiel. Dat is woansdeitejûn bekend makke yn it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne.

De nammen dêr't út keazen wurde koene wienen Nij Westergo en Waadhoeke. Waadhoeke wûn mei 61 prosint fan de stimmen. Der hawwe 15.914 minsken stimd. De opkomst wie 43,7 prosint. De nije namme wurdt yn 2018 ynfierd.

Biltsk

De Topografyske Wurkgroep Fryslân is goed te sprekken oer de namme Waadhoeke foar de nij te foarmjen gemeente. Dat seit Cor Jousma, wurdfierder fan dy organisaasje. De namme moat troch it ministearje fan ynlânske saken noch toetst wurde oan it Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen, mar dat liket it in formaliteit te wêzen.

It is no de fraach hokker plak it Biltsk krijt binnen dizze nije gemeente. Dat soe neffens Jousma noch in hiele opjefte wurde kinne, om't der noch neat offisjeel fêstlein is foar it Biltsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)