Lilke boargemaster Crone leit ferhuzing flechtlingen stil

16 des 2015 - 17:45

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert hat de ferpleatsing fan tsientallen flechtlingen út it WTC persoanlik tsjinholden. Ferskate bussen soenen woansdeitemiddei flechtlingen nei oare plakken bringe, mar dat is troch it yngripen fan Crone net trochgien.

Neffens de boargemaster leit der in ôfspraak om 400 flechtlingen yn it WTC te ferhúzjen nei Heliconstate der flakby. Dy wurdt no ferboud en is 4 jannewaris klear. Mar it COA woe neffens de boargemaster it WTC foar de krystdagen leech hawwe, mar dat hat Crone persoanlik foarkaam.

Crone wie poerlilk en sprekt fan in 'fleksibele chaos by it COA'. It COA begrypt de lilkens fan Crone. Neffens manager Henk Wolthof fan COA regio Noard wie der sprake fan miskommunikaasje. It COA hat maatregels naam om foar te kommen dat in selde soart situaasje wer barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)