Smellingerlân besteget jild oan útprosedearre asylsikers

16 des 2015 - 16:15
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân stelt 160.000 euro beskikber foar de needopfang fan útprosedearre asylsikers. It giet om de bêd-bad en bôle opfang. De gemeente hat dat beslút naam om't de regeling mei yngong fan 1 jannewaris kommend jier ophâldt.

Smellingerlân hat dat dien om't der noch hieltiid flechtlingen yn de gemeente binne dy't gjin rjocht ha op opfang troch it COA. It giet om tsien manlju en fjouwer froulju dy't yn trije wenten opfongen wurde. Mei it jild kin de needopfang oant 1 jannewaris 2017 fierder.

De regeling foar de needopfang is der sûnt 2013 fanwegen it útbliuwen fan in lanlike oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)