"Besunigings op regionale omroppen moatte útsteld wurde"

16 des 2015 - 15:23

De besuniging fan 17 miljoen op Omrop Fryslân en de 12 oare regionale omroppen moat in healjier útsteld wurde, no't de Earste Keamer moannen letter stimme sil oer de nije mediawet. Dat fynt direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân. De Earste Keamer hat noch in soad fragen oer de nije wet en hat de behanneling útsteld.

Der binne soargen oer de ynfloed dy't de oerheid krijt op de programmearring en oer it skrassen fan amusemint yn de publike omrop. De konsekwinsje is wol dat sintralisaasje fan de regionale omroppen ek opskoot.

Sûnder mediawet kin nammentlik gjin nij bestjoer oansteld wurde. De omroppen kinne de besuniging net sels opfange, seit de omropdirekteur. Dat soe te'n koste gean fan de programma's. De regionale omroppen tinke dat in grut part fan de besuniging opfongen wurde kin, troch effisjinter te wurkjen op it mêd fan bygelyks de technyk.

De ried fan tafersjoch fan de Regionale Publike Omrop, de RPO, hie op 1 jannewaris begjinne moatten. Dy rft soe seis nije direkteuren beneame moatte. Dy direkteuren binne essinsjeel om alle regionale omroppen ûnder te bringen yn ien organisaasje, sa fynt Jan Koster.

It is net wis oft de Earste Keamer úteinlik wol akkoart giet mei de nije mediawet. Wurdt dy fuortstimd, dan betsjut dat nochris in healjier oant miskyn wol in jier fertraging, sa is de ynskatting fan de Omropdirekteur. Noch langere ûnwissichheid soe lykwols hiel ferfelend wêze foar de omroppen, sa is syn miening, foaral ek omdat Den Haach nei alle gedachten wol fêsthâldt oan de miljoenebesunigings op de omroppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)