Fryske ensyklopedy weaget acht kilo en hat 3000 siden

16 des 2015 - 14:48
  • De Fryske ensyklopedy is 8 kilo en hat 3000 siden

Ein maart ferskynt de nije Fryske Ensyklopedy. De inisjatyfnimmers fan Tresoar yn Ljouwert hawwe sân jier dwaande west mei dit nije neislachwurk. It trijedielige boekwurk weaget acht kilo en hat 3000 siden. Der steane mear as 11.000 trefwurden yn. De ensyklopedy moat in byld jaan fan Fryslân op dit momint.

Tema's yn de ensyklopedy binne keunst en kultuer, taal en literatuer, polityk, ekonomy, skiednis, natuer en ynfrastruktuer. Bekende Friezen steane ek yn de ensyklopedy. De lêste ferzy fan de Fryske ensyklopedy wie fan 1975.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)