Mear Friezen dogge in berop op de Voedselbanken

16 des 2015 - 14:25

Der binne dit jier mear Friezen dy't gebrûk meitsje fan de Fryske itensbanken. Ferline jier wiene it der noch 6000, no binne it der 6300. Reden hjirfoar is dat it ekonomysk herstel yn it noarden langer duorret. Neffens Jan Lunshof fan de Fryske Voedselbanken witte ek hieltyd mear minsken it paad nei harren ta te finen. It giet dan foaral ek om zzp-ers en selsstannigen dy't yn de swierrichheden komme. Omdat se faak wachtsje moatte op help mei de skuldsanearring klopje se oan by de voedselbank.

De aksje foar de Voedselbank fan Omrop Fryslân rint noch oant en mei freed 18 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)