Joey van den Berg skorst foar duel tsjin ADO Den Haag

16 des 2015 - 14:20
  • Joey van den Berg

Joey van den Berg fan SC Hearrenfean mist kommend wykein it thúsduel mei ADO Den Haag. De middenfjilder en ferdigener krige tiisdeitejûn in reade kaart yn de bekerwedstriid tsjin Roda JC. Hearrenfean ferlear it duel mei 3-1. De KNVB bestraft Van den Berg no mei ien wedstriid skorsing. Dat betsjut dat de oanfierder fan SC Hearrenfean it lêste duel foar de winterstop mist.

Van den Berg en SC Hearrenfean hawwe de straf akseptearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)