"Fertrouwen yn rjochtbankbestjoer is yndied skeind"

16 des 2015 - 13:59
  • Rjochtbank Ljouwert

De relaasje tusken rjochters en rjochtbankbestjoer hat bot te lijen hân fan de besunigingsplannen fan it bestjoer, dy't úteinlik toch net trochgiene. De plannen soargen ûnrêst. Earst moast it personiel fan Ljouwert nei Grins ferhúzje en moast de rjochtbank fan Assen ticht. Uteinlik gienen dizze plannen net troch.

It rjochtbankbestjoer sjocht dat it fertrouwen skea oprûn hat, mar giet derfan út dat personiel, rjochters en bestjoer mei elkoar fierder kinne. Se jouwe wol ta dat se it personiel en rjochters der better by belûke moatte hienen.

Dat de polityk neat sjocht yn it konsintrearjen fan de rjochtspraak, is neffens Tangenberg fan it rjochtbankbestjoer in dúdlik signaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)