Statushâlders komme oan yn Wolvegea

16 des 2015 - 12:41

De flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning binne om 12 oere oankaam yn harren tydlik wenplak Wolvegea. Dizze saneamde statushâlders, tolve gesinnen yn totaal, krije tydlike wenromte yn it eardere Bornego College oan de Sportlaan. De skoalle stie al seis jier leech, mar is no mei de nedige ynspanningen klear makke foar de komst fan de gesinnen.

Dizze flechtlingen binne earder opfongen yn it fakânsjepark Oranje, flakby Smilde. Timpaan set seis frijwilligers yn om de nije ynwenners fan Wolvegea te begelieden.

Dy hawwe dêr in spesjale oplieding foar folge. De gesinnen binne ûntfongen mei in spesjale lunch, makke troch Syryske froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)