Bitgummole krijt in brede skoalle

16 des 2015 - 11:50
  • De hantekenings binne setten foar in brede skoalle yn Bitgummole

Bitgummole krijt in brede skoalle. De nije skoalle moat yn augustus 2017 iepen wêze foar learlingen fan CBS Mooitaki en de OBS Martenaskoalle. Pjutteboartersplak De Krobbekoer en berne-opfang Het Kwetternest krije ek in plakje yn it gebou.

De ûnderwiiskoepels Fier en CBO Noordwest Fryslân en de gemeente Menameradiel hawwe dêrfoar tiisdei in oerienkomst ûndertekene. Dêryn binne ôfspraken makke oer de gearwurking, lokaasje, planning en de finânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)