Treinkondukteur wurdt mishannele op Ljouwerter stasjon

16 des 2015 - 11:42

In 45-jierrige man út Kollumerlân is tiisdeitejûn oppakt om't er in treinkondukteur mishannele hat. Dat barde op stasjon Camminghaburen yn Ljouwert. De mishanneling wie krekt foar middernacht. Op basis fan it sinjalemint koe de plysje letter de fertochte oanhâlde.

De plysje docht noch ûndersyk nei de reden fan de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)