Provinsjale steaten nimme ôfskied fan politisy

16 des 2015 - 11:18
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Ald-deputearren Hans Konst en Jannewietske de Vries fan de PvdA en fraksjefoarsitter Anja Haga fan de ChristenUnie hawwe woansdei ôfskied naam fan de provinsjale polityk. Konst hat in nije baan as dokter âldereingenêskunde by Meriant. Hy neamt it nije Thialf as syn wichtichste resultaat yn syn tiid yn de Fryske polityk.

Jannewietske de Vries wurdt direkteur by Floriade. Dat bedriuw sil yn 2022 de wrâldtúnboutentoanstelling yn Almere organisearje. It binnenheljen fan Kulturele Haadstêd 2018 jildt foar har as hichtepunt.

Konst wie tolve jier aktyf yn de provinsjale polityk, De Vries acht jier.

Anja Haga is sûnt ferline moanne wethâlder yn Arnhem. Se hat sân jier operearre yn de Fryske polityk. Benammen op it mêd fan iepenbier ferfier wie se hiel aktyf. Earder dit jier rôpen har kollega's har út ta bêste steatelid en steatelid mei de measte kennis fan saken.   

De opfolgers fan de leden dy't ôfskie namen binne ek ynstallearre. Dit binne Marja van der Meer, Tjerk Voigt (beiden PvdA) en Richard Klerks foar de ChristenUnie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)