Kees Gielen stapt op by FrieslandCampina

16 des 2015 - 08:40
  • Friesland Campina

Bestjoerder Kees Gielen fan FrieslandCampina hâldt per 1 jannewaris op by it suvelbedriuw. Gielen wurdt mei yngong fan it nije jier direkteur by de Nederlandsche Betaal & Wisselmaatschappij (NBWM). Hy wie sûnt begjin 2009 yn tsjinst by FrieslandCampina.

Hy hat in grutte rol spile yn de fúzje tusken Friesland Foods en Campina. It ôfrûne jier hat er him benammen dwaande hâlden mei it útwreidzjen fan de aktiviteiten yn Azië en Afrika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)