Marrit Steenbergen is Talint fan it Jier 2015

15 des 2015 - 21:51

Swimster Marrit Steenbergen is op it NOC*NSF Sportgala keazen ta Talint fan it Jier 2015. Yn de Rai yn Amsterdam krige de 15-jierrige ynwenster fan Easterwâlde de priis ûnder oare foar de prestaasjes op 'e Europeeske Spelen en it Europeesk kampioenskip mei de folwoeksenen. Ek iishockeyer Daniël Sprong en judoka Frank de Wit wienen nominearre.

It NOC*NSF Sportgala is fan 20.30 oere ôf live te folgjen op NPO1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)