Gemeenteried Kollumerlân giet unanym akkoart mei opfang

15 des 2015 - 21:20

De gemeenteried fan Kollumerlân is tiisdeitejûn unanym akkoart gien mei de needopfang yn Kollumeroard. De ried waard yn in ekstra riedsgearkomste offisjeel ynformearre oer de opfang. Fan nije wike ôf komme der oan de Slikwei yn Kollumerpomp sa'n 100 flechtlingen. Yn earste ynstânsje fûn it COA it plak te lyts. Omdat alle foarsjennings lykas bêden en in keuken der al binne, kaam it dochs ta in akkoart.

De needopfang duorret maksimaal oant 1 april 2016.

Dan moatte de gebouwen fan Kollumeroard wer beskikber wêze foar de fêste gasten en groepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)