Wetterskip Fryslân ûndertekenet de klimaatferklearring

15 des 2015 - 17:59

Wetterskip Fryslân hat tiisdei de klimaatferklearring ûndertekene, ûnderdiel fan it Klimaatverbond Nederland. Dêrmei wol it Wetterskip sjen litte dat se de wetterketen, it wettersysteem en de eigen organisaasje duorsumer meitsje wolle.

It Wetterskip produsearret alle jierren ien miljoen kúb biogas op de rioelsuveringsynstallaasje fan Ljouwert. Dat wurdt omset yn waarmte en elektrisiteit foar gebrûk yn it eigen suveringsproses.

VN Klimaattop

Oanlieding foar de klimaatferklearring is de VN klimaattop, dy't de ôfrûne wiken yn Parys hâlden waard. Troch de ûndertekening fan tiisdei wurdt mei ûngefear 120 oare gemeenten, provinsjes en wetterskippen yn Nederlân wurk makke fan in ferskaat oan klimaataksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)