Fjouwer fjoerwurkfrije sônes mei âld en nij yn Ljouwert

15 des 2015 - 16:47

Yn Ljouwert wurde mei âld en nij fjouwer fjoerwurkfrije sônes ynsteld. It giet om gebieten by âldereintehuzen. By Greunshiem, Erasmushiem, de Hofwijck en Hoeksterend is alle fjoerwurk ferbean. Binnen 50 meter fan dizze huzen mei der neat ôfstutsen wurde. De plysje sil hjir strang op tasjen.

Ut ûndersyk docht bliken dat benammen âlderen bot lêst hawwe fan de knallen. It leafst soene se fjoerwurk hielendal ôfskaffe wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)