PvdA: Omkearing bewiislêst by skea troch gasboarrings

15 des 2015 - 15:46
  • By Moddergat wurdt skean ûnder it Waad gas út de grûn helle

De steatefraksje fan de PvdA pleitet foar de omkearing fan bewiislêst by skea troch gasboarrings yn Fryslân. No is it sa dat jo bewize moatte dat skea oan je hûs komt troch gasboarrings. De PvdA fynt dat gaswinningsbedriuwen tenei mar bewize moatte dat de skea net komt troch har aktiviteiten. 

Dy maatregel jildt no al foar dupearren fan skea troch ierdbevings yn Grinslân.

Lieding tusken Toppenhuzen en Rie

Direkte oanlieding foar it pleidoai fan de PvdA is it plan fan it Ryk en gasbedriuw Vermilion om in ierdgastransportlieding oan te lizzen tusken Toppenhuzen en Rie.

Tsjinstân

De PvdA is tsjin nije gasboarrings. It provinsjebestjoer pleitet ek foar de omkearing fan de bewiislêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)