Friezen ferhúzje meastentiids nei Grins foar wurk of stúdzje

15 des 2015 - 15:02

De measte Friezen dy't nei in oare provinsje ferhúzje, lûke nei Grinslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau. Nei Grinslân (Grins) binne ek Noard-Hollân (Amsterdam) en Utert (Utert) populêr ûnder de Friezen. Wurk of stúdzje binne de wichtichste redenen om te ferhúzjen. Fan de minsken dy't nei Fryslân takomme, komt it grutste part út de gemeente Grins, folge troch Amsterdam, Swol, Steenwijkerland en de Noardeastpolder.

It ôfrûne jier ferhuzen der krekt wat mear minsken fanút Fryslân as dat der nei de provinsje takamen. It giet om in ferskil fan hast 1500 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)