Dieven feroarsake ravaazje yn Snits mei stellen minyshovels

15 des 2015 - 12:41

Twa ûnbekenden hawwe moandeitenacht minyshovels stellen en in ravaazje oanrjochte yn Snits. It duo naam de shovels mei fan de Pottersylstrjitte. In tsjûge seach de dieven riden yn de rjochting fan de Lemmerwei. Op de Zeskanter binne de stellen minyshovels achterlitten.

Underweis hawwe de joyriders ferskate lantearnepeallen fernield en djippe spoaren lutsen yn de sêfte boaiem. De skea foar de gemeente Súdwest-Fryslân is grut. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)