MCL iepenet opliedingssintrum fanwege elektroanysk dossier

15 des 2015 - 12:07

Sikehûs MCL yn Ljouwert iepenet tiisdei in nij opliedingssintrum foar it personiel, it Epic sintrum. Hjir leare alle meiwurkers fan it sikehûs te wurkjen mei it elektroanyske pasjintedossier. De opliedings starte begjin takom jier. It MCL wurket al fan 1 april ôf mei dit elektroanyske pasjintedossier. Goed 3000 meiwurkers krije in training.

Ek foar pasjinten feroaret it ien en oar mei de ynfiering fan it dossier. Sa kinne se fan hûs út digitaal de eigen medyske dokuminten ynsjen en online ôfspraken meitsje mei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)