Meiwurkers fan Naturalis ûntlede oanspielde walfisk yn Harns

15 des 2015 - 11:48

Meiwurkers fan ûndersyksynstitút Naturalis yn Leiden binne tiisdeitemoarn yn de haven fan Harns begûn mei de ûntleding fan in walfisk. De dwerchfinfisk spielde dit wykein oan op Teksel. It bist is njoggen meter lang en waacht acht ton. Rykswettersteat hat de finfisk nei Harns brocht foar de ûntleding. De ûndersikers snije it fleis fan de bonken. It skelet, of in part dêrfan, nimme se dêrnei mei foar ûndersyk. Naturalis docht al jierren ûndersyk nei walfisken dy't deagien binne.

Wêrom't it bist by Teksel op it strân telâne kaam is, is noch net dúdlik. Mooglik wie er ferdwaald. De universiteit fan Utert docht dêr fierder ûndersyk nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)