Hearrenfean: "Net folle klachten oer besunigings thúshelp"

15 des 2015 - 10:53

De gemeente It Hearrenfean krijt net folle klachten oer de besunigings op húshâldlike help. Dat seit de gemeente yn in reaksje op berjochten fan pleatslike helpynstânsjes. Dy sizze it drok te hawwen mei help oan minsken dy't de kosten net mear opbringe kinne en yn de finansjele problemen komme.

It Hearrenfean hie dit jier mei 800 minsken in petear oer hoefolle help oft se krije kinne. Der binne 27 beswieren yntsjinne. De gemeente jout oan dat der fia de bysûndere bystân altiten sjoen wurde kin nei in oplossing as der problemen binne.

Mar der wurdt net faker in berop dien op de bysûndere bystân, sûnt de besunigings op de húshâldlike help, seit de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)