Kollum "De fragen fan in monteur"

15 des 2015 - 08:31
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Soms treft men minsken dêr’t men soms ek in praatsje mei hat. Lykas foarige wike. Doe trof ik in monteur fan in ynstallaasjebedriuw. Nei’t wy it oer de tastân yn de wrâld, it kontsje fan Kylie Minogue en bûtenboardmoters hân hiene, kaam it praat op asylsikersintra. Syn bedriuw hie in kontrakt mei it COA foar ûnderhâld en reparaasje op ferskillende lokaasjes. Dat wie net altyd like noflik. Hy moast op de meast nuvere tiden opdrave, ek midden yn de nacht. En ek hiel faak foar steurings dy’t likegoed oant de oare moarns ta wachtsje kinnen hiene.

Sa as dy fan in man dy’t om healwei ienen nachts noch dûse woe, mar gjin waarm wetter hie. Dêr moast er mear as hûndertenfyftich kilometer foar ride. Of fan dy man dy’t in saneamde ‘koudeklacht’ hie. Dy wenne yn in unit mei tsien romtes, mar allinne hy hie it kâld. De monteur sei dat it gjin wûnder wie. It mantsje hie alle ruten iepen, mar rûn wol yn in koarte broek, in tin himd en mei bleate fuotten yn slippers om. De omgevingstemperatuer wie, nei’t er it mjitten hie, 23 graden. Toch hie it mantsje sels de elektryske pitten oan om mear waarmte te generearjen. De stoppekast wie net te daaien sa hyt west. Remeedzje: ruten ticht, pitten út en klean oan, te witten in broek, sokken en in trui.

Hoewol’t de measte AZC’s sintrale ferwaarming ha, binne der noch in pear mei gaskachels. En dêr wurdt ek iten op sean, sei er. Sokke kachels sitte ûnder de smearlapperij. As dy it net dogge moat er earst de moffen oandwaan om se skjin te meitsjen, oars kin er der neat mei wurde. Mar ek hie er it oer resten iten dy’t troch de waskbak fuortspielt wurde, troch de wc, yn de dûs dêr’t it dekseltsje fan de ôffier helle wurdt, en dêr’t ek bygelyks doppen fan sjampooflessen en noch oar ôffal yn ferdwynt. Mei alle bekende gefolgen. Iten dat bûtendoar delmitere wurdt, en dêr’t rotten op ôfkomme dy’t grouwer binne as myn skoanmem. Sei de monteur.

Yn alle gefallen hie er it der mei ien fan de COA oer hân, oft soks net oars koe. It antwurd wie dat se net oan de ‘eigenheid’ fan de minsken komme woene. ‘Dêr sakke my de overall fan op de ankels,’ sei de monteur. ‘Dy minsken moatte toch leare hoe’t se de boel skjinhâlde kin? Yn ’e hûs, mar ek it terrein fan sa’n AZC. Se moatte gewoan dingen leare. Boppedat ferfele se harren te pletter. Lit se sels de fyts meitsje oft dy stikken is. Der sit altyd wol ien techneut tusken dy’t oaren helpe kin. Of lit se griente ferbouwe op in hoekje grûn. Selde ferhaal. Dat is folle better foar de minsken. En foar de wenomjouwing. En úteinlik ek foar de kosten. Of sis ik no rare dingen?’

Wat fine jim?

Seit dy monteur rare dingen?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)