Kollumeroard krijt hûndert flechtlingen oer de flier

14 des 2015 - 22:59

Yn Kollumeroard oan de Slikwei yn Kollumerpomp wurde fan nije wike ôf definityf sa'n hûndert flechtlingen opfongen. Earder wie de lokaasje al oanbean oan it Sintraal orgaan Opfang Asylsikers. It COA hat de lokaasje moandei besjoen.

It COA fûn Kollumeroard earst te lyts, mar omdat alle foarsjennings lykas bêden en in keuken dêr al binne, is der dochs in akkoart berikt. De gemeenteried fan Kollumerlân wurdt tiisdeitejûn offisjeel ynformeard, yn in ekstra riedsgearkomste.

De needopfang sil op syn langst oant 1 april duorje. Dan moatte de gebouwen fan Kollumeroard wer beskikber wêze foar de fêste gasten en groepen.

Earder hat Kollumerlân ek de perioade fan sechstjin dagen ek krisisneedopfang west foar flechtlingen. Dat wie yn de sporthal njonken De Colle yn Kollum. De reaksjes wiene doe posityf. Camping De Poelpleats is ek neamd as mooglike lokaasje foar flechtlingen. Dêr moat lykwols folle mear oan dien wurde, lykas it pleatsen fan units, foar't der echt grutte groepen opfongen wurde kinne. In beslút dêroer is noch net naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)