Minder trekfisk komt Fryske wetters yn fan Waadsee

14 des 2015 - 21:26
  • Klaas Kuiken fangt fisk by Roptasyl mei in toatebel om se dêrnei te tellen

By de Fryske gemalen binne net earder sa'n bytsje trekfisken teld as dit jier. It giet om iel, stikelbearzen en spjirring. Dat binne fisken dy't sawol yn sâlt as yn swiet wetter libje. Om te oerlibjen moatte se fan de Waadsee yn it binnenwetter komme kinne.

Yn 2012 is in grut ûndersyk begûn oan de hiele kust. It earste jier wiene de oantallen trekfisken frij normaal. Yn 2013 wie der in grutte pyk. Yn 2014 wie it oantal trekfisken wer frij normaal, mar dit jier is der in grutte delgong.

Fiskekolooch Allix Brenninkmeijer tinkt dat de opfallende delgong komt troch ferskillen yn de oseaanstreamingen. Pas as oantallen trekfisken de kommende jierren ek leech bliuwe, is der neffens him reden foar soarch.

Fiskhevel en fiskpompen 

It wetterskip Fryslân hat de lêste jierren in protte jild yn it oanpassen fan slûzen en gemalen stutsen, om trekfisk lykas iel, stikelbears en spjirring de kâns te jaan om fan de Waadsee nei it binnenwetter te swimmen. Sa binne der bygelyks fiskhevels oanlein en fiskfreonlike pompen ynstallearre. Neffens koördinator wetterkwaliteit Jan Roelsma bliuwt dat wurk fan belang, ek al nimt it tal trekfisken net ta, mar ôf.

Toatebel

It ûndersyk is net allinnich yn Fryslân dien. Yn Noard Hollân en yn Grinslân binne de fisken ek teld. Dat is dien mei in toatebel, dy't hieltyd in oere foar heechwetter by it gemaal yn it wetter litten waard. Sa waarden in pear minuten lang alle fisken fongen dy't it swiete wetter sochten. Opfallend is wol dat dit ûndersyk krekt by de Fryske gemalen by Roptasyl en Swarte Haan hiel goed gong. Dêr fongen de frijwilligers somtiden grutte oantallen fisken.

Rom baan foar fisken

It ûndersyk komt fuort út it projekt 'Rom baan foar Fisken.Dat is in projekt fan de fjouwer noardlike wetterskippen en organisaasjes, lykas de Hengelsportfederatie. Troch slûzen en gemalen oan de Waadseedyk en yn it  efterlân geskikt te meitsjen foar trekfisken, wolle se de omstannichheden foar iel, stikelbears en spjirring ferbetterje. Dat projekt rint takom jier ôf. Dan wurdt foar de lêste kear grutskalich teld. It tellen by bygelyks Roptasyl giet dêrnei noch wol troch.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)