De Friesland komt goed út beltest Nederlandse Zorgautoriteit

14 des 2015 - 20:02

Soarchfersekerder De Friesland ynformearret klanten goed. Dat docht bliken út ûndersyk dat dien is troch de Nederlandse Zorgautoriteit.

De organisaasje hat soarchfersekerders 1500 kear opbelje litten. De bellers diene oft se konsuminten wiene. Se stelden fragen dy't fersekerders geregeld krije. By yn trochsneed twa op de tsien fragen waard ynformaasje jûn dy't net goed of net folslein wie. De Friesland wie in positive útsûndering. Dêr waarden njoggen fan de tsien fragen goed beäntwurde.

De Nederlandse Zorgautoriteit sil maatregels nimme om derfoar te soargjen dat it jaan fan ynformaasje de kommende tiid better wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)