Lintsje foar twa sportbestjoerders yn Sint-Anne

14 des 2015 - 20:30

Klaas Steen en Bauke de Vries út Sint-Anne binne keninklik ûnderskieden. Se krigen it lintsje en de titel lid yn de Oarder fan Oranje Nassau moandeitejûn by harren ôfskied as kommissaris fan stichting De Waaie yn Sint-Anne. De Vries wie goed achttjin jier kommissaris fan De Waaie. Steen is al jierrenlang aktyf foar de stichting.

Beiden wiene ek ferantwurdlik foar de bou fan de kantine foar de fuotbal- en keatsferiening en foar de oanlis fan de sportfjilden yn de jierren '80.

Njonken aktiviteiten by De Waaie wie De Vries ek hast tweintich jier foarsitter fan VV Sint Anne. Steen wie jierrenlang frijwilliger en organisearre ferskate aktiviteiten yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)