Wurknimmers stelle krystpakket beskikber foar flechtlingen

14 des 2015 - 15:56

De goed twatûzen flechtlingen dy't op it stuit ûnderdak krije yn Fryslân, krije allegearre in krystpakket. Dat regelet de stifting Wellzo. De bedoeling is om de flechtlingen it gefoel te jaan dat se wolkom binne.

In soad bedriuwen en fûnsen stean garant foar de kosten. Sawat fiifhûndert wurknimmers fan de dielnimmende bedriuwen hawwe harren eigen krystpakket beskikber steld. Kommissaris fan de Kening Jorritsma rikt woansdei op it Provinsjehûs symboalysk de earste krystpakketten út oan trije flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)