Wolvegeaster frou makket lange reis foar Voedselbankaksje

14 des 2015 - 13:13

Rûnom yn de provinsje dogge minsken mei oan de Voedselbankaksje. Tiny Unema út Wolvegea die der in skepke boppe-op. De frou wie fan plan har boadskippen foar de Voedselbankaksje yn Ljouwert te dwaan en dizze dêrnei 'even' rinnend ôf te leverjen by de studio fan Omrop Fryslân. It rûn lykwols krekt wat oars.

'Even' rinne

Se kaam moarns mei de trein nei stasjon Ljouwert en kuiere dêrnei it hiele ein nei de studio, en dat wie fierder as se tocht. It wie in oere rinnen. "Ik tocht, ik gean even mei de trein fan Wolvegea nei Ljouwert en dan rin ik even. Mar dat foel my raar ôf." 

Supermerk

Nei't de frou by Omrop Fryslân oankaam wie, koe se yn de buert gjin supermerk fine om boadskippen te dwaan. Sy die earst har ferhaal yn de studio en is dêrnei troch meiwurkers fan de Omrop nei in supermerk brocht. Dêr hat sy boadskippen foar de Voedselbank dien en is doe wer nei de studio gien om it ôf te leverjen.

It wie in hiele reis, mar de frou bleau posityf: "Ik ha it der wol foar oer. In prachtige dei ha ik."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)