Fytser ferwûne nei botsing mei motorrider

14 des 2015 - 11:38
  • By de oanriding rekke in fytser ferwûne, de fyts waard swier skansearre

In 91-jierrige fytser rekke snein ferwûne nei in botsing op De Lang Ein yn Langsweagen. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De fytster kaam yn botsing mei in 46-jierrige motorrider út Jobbegea. Hy is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)