Ambulânsepersoniel mei sels de roasters meitsje

14 des 2015 - 11:29

Meiwurkers fan de Ambulancezorg Fryslân en UMCG Ambulancezorg kinne tenei sels bepale wannear't se wurkje. Se kinne harren sels ynroasterje. Managers gripe pas yn as der problemen ûntstean.

Neffens in wurdfierder soarge de sintrale planning foar in soad klachten oer de roasters en joegen minsken allerhande wizigings troch. Dêrom is yn Ljouwert in proef dien mei dit selsroasterjen. Dat wurke sa goed, dat it no de nije wurkwize wurdt. By de tsjinsten wurkje sa'n 300 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)