Ljouwerter team wint nasjonaal spotterskampioenskip

14 des 2015 - 10:13

De Aviation Group Leeuwarden hat ôfrûne wykein yn Amersfoort de nasjonale spotterskampioenskippen wûn. It team fan AGL liet nei in spannende wedstriid de teams fan Volkel en Grinslân-Eelde achter him.

De kampioenskippen wurde elts jier hâlden. It giet by de wedstriden om wa't de measte parate kennis fan de loftfeart hat, lykas it werkennen fan types fleantugen, histoarje en technyk.

Joop de Groot, Marinus Tabak en Michel Heuveling fan AGL hellen mei 308 de measte punten. AGL mei kommend jier de nasjonale kampioenskippen organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)