Arjan Stroetinga wint massastart op It Hearrenfean

13 des 2015 - 17:42

Arjan Stroetinga fan Waskemar hat snein de massastart by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean wûn. Yn in spannende einsprint wist er de Italiaan Fabio Francolini efter him te hâlden. It tredde plak wie foar Seung-Hoon Lee út Súd-Koreä.

De finale waard in prachtige striid. De Frânsman Alexis Contin pakte healwei de wedstriid in romme foarsprong, mar waard weromhelle troch Jorrit Bergsma. Sa kaam de spanning wer hielendal werom yn de wedstriid. Bergsma fan Aldeboarn einige úteinlik sels as njoggende.

By de froulju gong de winst nei de Japanske Misaki Oshigiri. Carien Kleibeuker, wenjend op It Hearrenfean, einige as twadde, foar de Kanadese Ivanie Blondin, dy't tredde waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)