Heather Richardson twadde op 500 meter yn Thialf

13 des 2015 - 16:26

Heather Richardson-Bergsma is snein as twadde einige op de twadde 500 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. De frou fan Jorrit Bergsma klokte 37.87 en moast dêrmei de Sinese Jing Yu foargean litte. Yu pakte ferrassend de winst mei in tiid fan 37.84. Har lângenoate Hong Zhang einige as tredde mei 37.90.

Jorien ter Mors wie mei 37.98 de bêste Nederlânse op in dield fjirde plak mei Sang-Hwa Lee, út Súd-Koreä. De rydster út Enschede, dy't al rom 5 jier op It Hearrenfean wennet, pakt dêrmei in ticket foar it WK ôfstannen yn Kolomna.

Margot Boer fan Goaiïngaryp einige teloarstellend as 15e mei har tiid fan 38.69.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)