Smellingerlân giet akkoart mei fytstunnel by De Tike

13 des 2015 - 12:45

Nei de provinsje is no ek de gemeente Smellingerlân akkoart mei de oanlis fan in fytstunnel by de Master Iniawei ûnder de Sintrale As tusken De Tike en Nyegea troch.

Earder waard de oanlis fan in tunnel skrast om't dy te djoer wêze soe. De tunnel kaam wer op it aljemint, doe't út ûndersyk bliken die dat de oanlis fan in brêge noch djoerder en lêstiger oan te lizzen is. De tunnel kostet 1,2 miljoen euro en moat healwei takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)