Bou nij doarpshûs De Rottefalle begjint takom jier

13 des 2015 - 11:57

De bou fan it nije multyfunksjonele doarpshûs yn De Rottefalle kin takom jier begjinne. De oannimmer presintearret meikoarten syn bouplanning. It nije doarpssintrum komt op itselde plak as it eardere doarpshûs, dat ôfrûne simmer sloopt is.

Yn it nije gebou komme de gearwurkingsskoalle, it pjutteboartersplak, de berne-opfang en de jeugdsoas. It gebou wurdt enerzjyneutraal. Ynwenners wurkje mei oan de bou fan in poadium en in bar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)