Ljouwerter drankrider moat auto ynleverje

13 des 2015 - 10:56

In 35-jierrige autobestjoerder út Ljouwert moast sneontenacht syn auto ynleverje. Op de Henri Dunantwei yn de stêd waard er betrape op it riden mei drank op.

De man hie gjin jildich rydbewiis. Dêrop waard syn auto yn beslach naam. De man hat ek proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
rydbewiis kwyt Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)