Noardewyn live wint Bernlef priis 2015 by Fryske Popawards

13 des 2015 - 10:41
  • Willem de Vries, presintator fan Noardewyn live

It Omrop Fryslân programma Noardewyn live is de winner fan de Bernlef priis 2015. De faksjuery seit dat it programma aktyf bydraacht oan it fersprieden fan Fryske muzyk en dêrmei soarget foar in sûne popkultuer yn de provinsje.

De sjuery hat ek in soad wurdearring foar it grutte publyksberik. Neffens de sjuery is Noardewyn live unyk as it giet om it befoarderjen fan Frysk muzikaal talint.

Janpier Brands wûn de popaward. Sunday Kids wûn de Omrop Fryslan Klipkar award.

Neushoorn

Deputearre Sander de Rouwe hat de priis sneontejûn útrikt yn popsintrim Neushoorn yn Ljouwert, by de Fryske Popawards. De Bernlef priis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol hjirmei de Fryske taal yn de popkultuer befoarderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)