Plysje besjit man dy't op plysjebikers ynrydt

13 des 2015 - 10:24
  • De fyts fan de plysjebiker rekke swier skansearre
  • De auto fan de bestjoerder is letter yn Ljouwert weromfûn

In automobilist hat yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert besocht in plysjeman op de fyts oan te riden. De bestjoerder wist te ûntkommen, mar sneintemoarn is er oanholden. It giet om in 20-jierrige Ljouwerter.

De plysjebiker wie mei in kollega ôfkaam op in melding yn de stêd. Ynienen ried der in auto mei hege snelheid op de plysjes ôf. Ien fan harren joech de bestjoerder in stopteken. De man ried lykwols troch en soe op ien fan de plysjes ynride.

De automobilist ramde de fyts fan de plysjeman. De plysje sels koe krekt op 'e tiid oan de kant springe. Hy hat dêrnei noch in skot lost op de auto. De automobilist wist te ûntkommen. Syn auto is letter yn de buert werom fûn.

De plysjeman rekke net ferwûne. De oare plysjebiker wie op feilige ôfstân. Fan de fyts is hast neat mear oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)