Bob de Vries fierwei de sterkste yn maraton Den Haach

13 des 2015 - 00:38
  • Bob de Vries

Bob de Vries belibbe yn it maratonreedriden dizze wike in dûbelslach. Hy wûn woansdei de earste maraton yn de nije Ljouwerter 11stêdehal, sneontejûn wie er mei oermacht de sterkste yn Den Haach. De reedrider fan De Haule sette it peloton op twa rûntsjes. De earste omloop foarsprong krige De Vries mei help fan Jorrit Bergsma, dy't nei de 5 km yn Thialf, as in spear ôfreizge wie nei Den Haach. Dêrnei kaam er op roazen omdat acht man it peloton, mei himsels derby, noch op in rûntsje setten. Syn ploechmaat Simon Schouten waard twadde.

By de froulju gong de winst nei klassemintsliedster Janneke Ensing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)