Earste ferlies UNIS Flyers yn BeNe league

13 des 2015 - 00:11

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha it earste ferlies te pakken yn de BeNe league. Yn Zoetermeer waard tsjin de Hotwings Panters mei 4-3 ferlern. De perioadestannen 2-0, 0-1 en 2-2. Harry Matheson (twa kear) en Ronald Wurm soargen derfoar dat de Feansters wer op foarsprong kamen, mar it wie net genôch. Zoetermeer makke yn de tredde perioade (54e minút) de lykmakker en de winnende treffer. De UNIS Flyers bliuwt wol koprinner, al kin it Belgyske Herentals dy posysje snein oernimme

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)